20/08/2026
𝐈𝐧 𝐩𝐫𝐚𝐜𝐡𝐭𝐢𝐠𝐞 𝐬𝐭𝐮𝐝𝐢𝐧𝐭𝐞𝐭𝐢𝐢𝐝 𝐲𝐧 𝐋𝐣𝐨𝐮𝐰𝐞𝐫𝐭 𝐭𝐚𝐰𝐢𝐧𝐬𝐤𝐞!!
Dizze fiif studinten fan it CIOS (Firda) wienen it paad efkes bjuster. Se sochten nei ynformaasje oer it monumintale Coulonhûs, boud yn 1713, dêr't de Fryske Akademy yn sit.
Sa bedarren se yn de prachtige binnentún fan de Fryske Akademy. Fansels kamen we ek efkes te praat oer it Frysk. Ien fan de Frysktalige studinten fertelde dat er fan 𝙎𝙩𝙤𝙗𝙗𝙚𝙜𝙖𝙩 komt (witte jimme ek hokker offisjele plaknamme dêrmei bedoeld wurdt?)
Mei in moaie opspjelde 'Praat mar Frysk' button fan ús buorlju Afûk gienen de hearen wer fierder op paad foar harren yntroduksje.
14/08/2026
𝗚𝗲𝗮𝗻 𝗺𝗲𝗶 𝗼𝗽 𝗲𝗸𝘀𝗸𝘂𝗿𝘇𝗷𝗲 𝗻𝗲𝗶 𝗶𝘁 𝗮𝗿𝗰𝗵𝗲𝗼𝗹𝗼𝗴𝘆𝗺𝘂𝘀𝗲𝘂𝗺 𝗛𝘂𝗶𝘀 𝘃𝗮𝗻 𝗛𝗶𝗹𝗱𝗲 𝗼𝗽 𝟱 𝘀𝗲𝗽𝘁𝗶𝗺𝗯𝗲𝗿 𝟮𝟬𝟮𝟲!
Huis van Hilde yn Castricum is ít plak foar archeology yn Noard-Hollân. It bestiet út in archeologysk depot en een museum. Mei de nijsgjirrige kolleksje fan archeologyske fynsten út de boaiem fan Noard-Hollân fertelt it museum de skiednis fan de provinsje. Dit reiske wurdt organisearre troch it Archeologysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy. 𝙊𝙖𝙣𝙢𝙚𝙡𝙙𝙚 𝙠𝙞𝙣 𝙖𝙡𝙡𝙞𝙣𝙣𝙞𝙘𝙝 𝙝𝙟𝙤𝙚𝙙 𝙚𝙣 𝙙𝙞𝙩 𝙬𝙮𝙠𝙚𝙞𝙣 𝙣𝙤𝙘𝙝!
🗓️ Sneon 5 septimber 2026
✍ Oanmelde fia de e-mail, [email protected]
💰 Museumyntree €10,- (fergees mei Museumkaart, jongerein €6,-)
🚗 Eigen ferfier, mar mei in oar meiride is mooglik.
ℹ️ https://www.fryske-akademy.nl/nijs-en-aginda/nijs/nijsberjocht/mei-it-archeologysk-wurkferban-nei-archeologymuseum-huis-van-hilde-yn-castricum/
12/08/2026
🔹 De Fryske Akademy en de University of Groningen biede net ien, mar 𝘁𝘄𝗮 û𝗻𝗱𝗲𝗿𝘀𝘆𝗸𝘀𝗽𝗹𝗮𝗸𝗸𝗲𝗻 yn de taalkunde oan, mei yngong fan oktober 2026.
🔸 The Fryske Akademy and the University of Groningen are offering not one, but 𝘁𝘄𝗼 𝗣𝗵𝗗 𝗣𝗼𝘀𝗶𝘁𝗶𝗼𝗻𝘀 in Linguistics starting October 2026.
ℹ️ https://www.fryske-akademy.nl/wurkje/
12/08/2026
"Tygo was op vakantie in Noorwegen met zijn metaaldetector aan het speuren. En toen vond hij iets wat waarschijnlijk wel duizend jaar oud is: een broche." 🧐 It NOS Jeugdjournaal naam fuortendaliks kontakt op mei ûndersiker Nelleke IJssennagger-van der Pluijm fan de Fryske Akademy, dy't fansels mear fertelle koe oer de fynst. ⚔️
🎞️ Besjoch it hiele nijsfilmke fan juster op https://jeugdjournaal.nl/artikel/2626431-tygo-vindt-vikingen-sieraad-op-vakantie
07/08/2026
🛡️Op sneon 3 oktober hat de 𝐇𝐞𝐫𝐚𝐥𝐝𝐲𝐬𝐤𝐞 𝐃𝐞𝐢 𝟐𝟎𝟐𝟔 fan it Nederlands Genootschap voor Heraldiek en de Fryske Rie foar Heraldyk fan de Fryske Akademy plak yn Ljouwert!
🔎Wolsto mear witte oer 𝐟𝐚𝐦𝐲𝐥𝐣𝐞𝐰𝐚𝐩𝐞𝐧𝐬? Kom dan nei dizze spesjale dei mei nijsgjirrige lêzingen oer famyljewapens, in oerhandiging fan in histoarysk adelsdiploma en in heraldyske merk, dêr't leden fan de Gilde van Heraldisch Kunstenaars oanwêzich binne.
📕De Fryske Rie foar Heraldyk fan de Fryske Akademy fiert dit jier har 70-jierrich bestean. Ta dizze gelegenheid wurdt de jierlikse gearkomste dy't yn it teken stiet fan heraldyk nei Ljouwert helle. Dêrneist publisearret de Fryske Rie foar Heraldyk op dizze dei in nije útjefte, in boekje mei de titel: “𝐃𝐨𝐫𝐩𝐬𝐰𝐚𝐩𝐞𝐧𝐬 𝐢𝐧 𝐅𝐫𝐲𝐬𝐥â𝐧”.
📅Sneon 3 oktober 2026
🕰️Ynrin 11.00 oere
📌Tresoar, Boterhoek 1 (Ljouwert)
💳25 euro (ynklúsyf lunsj en boekje 'Dorpswapens in Fryslân')
Opjaan is nedich en kin fia de link! https://bit.ly/4vzOZap
Heraldyske Dei 2026, Tresoar (Ljouwert)
De Heraldyske Dei 2026 wurdt organisearre troch it Nederlands Genootschap voor Heraldiek en de Fryske Rie foar Heraldyk fan de Fryske Akademy. Mei nijsgjirrige lêzingen oer famyljewapens, in oerhandiging fan in histoarysk adelsdiploma en in heraldyske merk, dêr't leden fan de Gilde van Heraldisch ...
30/07/2026
𝗡𝗶𝗷𝗲 𝗽𝗲𝗿𝘀𝗽𝗲𝗸𝘁𝗶𝘃𝗲𝗻 𝗼𝗽 𝗱𝗲 𝗶𝗲𝗿𝗲 𝗺𝗶𝗱𝘀𝗶𝘂𝘄𝗲𝗻: '𝗥𝗲𝗱𝗯𝗮𝗱, 𝗞𝗶𝗻𝗴 𝗼𝗳 𝘁𝗵𝗲 𝗙𝗿𝗶𝘀𝗶𝗮𝗻𝘀' 🧐
Yn febrewaris 2027 ferskynt 'Redbad, King of the Frisians', in folslein multydissiplinêr ûndersyk nei de Fryske kening Redbad en iermidsiuwsk Frisia (sa. 400-800 nei Kr.). Foar it earst bringe mear as tritich ynternasjonale ûndersikers de polityk, religy, hannel, materiële kultuer en deistich libben byinoar en smite sa nij ljocht op de Fryske identiteit. ⚔️
ℹ️ Lês mear: https://bit.ly/4w5XD1A
(Foto: De fibula fan Hegebeintum. Eigendom fan it Fries Museum, Ljouwert. Kolleksje Provinsje Fryslân)
𝗜𝗻𝘁𝗲𝗿𝗿𝗲𝗴 𝗗𝗲𝘂𝘁𝘀𝗰𝗵𝗹𝗮𝗻𝗱–𝗡𝗲𝗱𝗲𝗿𝗹𝗮𝗻𝗱
It projekt Redbad wurdt mooglik makke troch it Interreg VI programma Deutschland–Nederland en mei finansiere troch de Provincie Fryslân en Provincie Groningen en de Niedersächsische Staatskanzlei.
28/07/2026
🥳Hasto dy al opjûn foar de 𝐀𝐤𝐚𝐝𝐞𝐦𝐲𝐝𝐞𝐢 𝟐𝟎𝟐𝟔? Kom alfêst yn de kunde mei ús geurûndersiker dr. Eveline de Smalen (Fryske Akademy en Meertens Instituut) dy't fertelle sil oer har nijsgjirrige ûndersyk nei de geuren fan Fryslân.
🎤Oare sprekker is archeolooch dr. Mans Schepers (Ryksuniversiteit Grins). Hy hat in grutte fassinaasje foar grûn en de ferhalen dy't de boaiem ús fertelle. Hy nimt ús mei nei de tiid fan Kening Redbad en oer de ferskillende type planten en it gebrûk dêrfan.
🍹Tradisjoneel beneame wy ek wer nije Akademyleden en ek wurdt dit jier wer de Fryske Akademy Skripsjepriis útrikt. By de borrel kinst ferfolgens in besite bringe oan Eveline har geurmeubel en meist dyn eigen geurferhalen diele.
📌Lês mear oer Eveline de Smalen en jou dy op foar de Akademydei!
https://bit.ly/4gSlVaF
📸Gewoan Dwaan, Douwe Bijlsma
Geurûndersiker Eveline de Smalen fertelt op de Akademydei oer de geuren fan Fryslân
Wat binne typysk Fryske geuren? En binne der Fryske geuren dy't sa weardefol binne dat wy se bewarje wolle as erfgoed? Kom yn de kunde mei Eveline de Smalen, dy’t sûnt jannewaris 2026 úteinset is as gastûndersiker fan it ûndersyksprojekt Een Neus voor Erfgoed. Op de Akademydei (freed 11 septim...
27/07/2026
𝗙𝗮𝗸𝗮𝘁𝘂𝗲𝗿𝗲: wy sykje in Meiwurker Finânsjes & Kontrôle (Finance & Control Officer)
Wolsto mei dyn finansjele ekspertize écht ferskil meitsje? By de Fryske Akademy, dêr't it Mercator Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen ûnderdiel fan is, wurkest net allinnich mei sifers, mar draachst direkt by oan unyk wittenskiplik ûndersyk mei maatskiplike betsjutting. 🤩
🗓️ 𝗥𝗲𝗮𝗴𝗲𝗮𝗿𝗷𝗲 𝗸𝗶𝗻 𝗻𝗼𝗰𝗵 𝗼𝗮𝗻𝘁 𝟵 𝗮𝘂𝗴𝘂𝘀𝘁𝘂𝘀!
ℹ️ Lês de fakatuere (Frysk/Nederlands) op ús website: https://bit.ly/4f5k5yG