20/08/2026
Wolkom Tys&Teske 💕
Teske is trije jier, hást fjouwer. Se is stoer en nijsgjirrich. Teske wit hiel goed wat se wol en rint graach foarop. Se giet oeral op ôf en docht it leafst alles sels! Har eintsje Sibbe rint har oeral achternei. Teske wennet mei har mem yn in hûs mei in grut hiem en in soad bisten. Se is gek op aventoer en belibbet dy it leafst mei har buorjonkje en freon Tys!
Tys is krekt as Teske trije jier. Hy is wat rêstiger as syn freondintsje en in bytsje ferlegen. Hy wol wol hiel graach meidwaan mei Teske, mar is soms in bytsje benaud. Mei syn knuffelhûntsje Romke doart er wol! Tys wennet yn in rychjeshûs mei syn heit, mem, sus en broerke. Hy wennet neist Teske, se kinne sa by inoar op it hiem en yn it hûs komme. Handich, want se boartsje hiel graach mei-inoar! It leafst by Teske fansels, want dy hat in grut hiem dêr't se allegear aventoeren belibje kinne 😀.
Tys & Teske is in Frysk foarlês- en taalstimulearrings-programma foar jonge bern.