28/08/2026
Dit binne Tys & Teske! Se wenje neist inoar en binne bêste freonen. Se boartsje faak tegearre en belibje dan fan alles. Giesto mei op aventoer?
Tys & Teske is in Frysk foarlês- en taalstimulearrings-programma foar jonge bern en harren opfieders yn de provinsje Fryslân. De materialen en aktiviteiten dy’t makke wurde yn it ramt fan Tys & Teske hawwe as doel om in ryk Frysk lêsklimaat te befoarderjen en (profesjonele) opfieders te ynformearjen oer it brûken fan taal yn de omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en omtinken foar deistige saken binne belangryk foar it lizzen fan in goede taalbasis. Dat jildt foar alle talen, dus ek foar it Frysk.
Fan 1 o/m 25 sept. 2026 binne it wer de Lês-mar-foar-wiken! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der no fijner as foarlêzen? Boppedat is it ek nochris in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen.
Foar pjutten (2-4 jier) ferskynt in nij foarlêsboekje fan Tys & Teske, fol mei ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes. It tema fan 2026 is 'Spot oan!' en slút oan op it tema fan de lanlike 'Kinderboekenweek' yn oktober. Mei de Lês-mar-foar-wiken kin by gastâlden út de nije boekjes foarlêzen wurde, dy't dêrnei oan de pjutten útdield wurde kinne. Ha jim de boekjes net besteld? Se binne ek yn de biblioteek te finen. Stjoer efkes in mailtsje mei adresgegevens en it tal bern op 'e opfang nei [email protected], dan komme jim op ’e list foar takom jier!
Sjoch foar mear ynformaasje oer Tys & Teske op tysenteske.frl.